Nijs · 19-01-2021
De earste aaien fan 2021

De earste aaien fan 2021 binne der al ![]()
1 aai fan in muskusskyldpod en 4 fan in koalebrâner
PS: Befrucht of net, wy litte fansels bewust gjin aaien útkomme. Op dit stuit sit der noch neat as aaigiel yn it aai. It libben moat noch ûntstean troch ynfloed fan waarmte. It is dus net begrutlik om aaien te ferneatigjen, mar eins in needsaak. Der binne nammentlik al tefolle fan dizze soarten skyldpodden dy't in thús sykje... Aaien blaze wy safolle mooglik út en bewarje wy foar edukaasje doelen, sprekbeurten ensfh. Froulike skyldpodden lizze altyd aaien, mei of sûnder man.




