Nijs · 21-04-2023
Dit is Heidi. Of eins: dit wie Heidi.

Heidi is it earste bist dat ik dit seizoen yn it ramt fan myn ‘wurk’ foar de skyldpodde-opfang ophelje sil. It is ek de earste skyldpod dy't stoarn is wylst ik har noch ûnder myn hoede hie.
Heidi is ien fan alle skyldpodden dy't dumpt wurde as minsken derfan ôf wolle. In soad minsken tinke dat in skyldpod prima oerlibje kin yn de frije natuer en kiperje se sûnder pardon yn in plaske of in fiver.
se, as, nei't, sa, si, sa't Ek yn 'e boskfiver fan myn leafste Birkhoven; no't it wer wat waarmer wurdt sjoch ik se út 'e wintersliep kommen. Se krûpe út it wetter om yn 'e sinne lizze te kinnen, op in grutte tûke of stien.
Minsken fine dat in leuk gesicht. As ik besykje út te lizzen dat dizze skyldpodden in garandearre, stadige (honger)dea temjitte geane as we se net út it wetter helje om foar se te soargjen, geane se dêroer yn diskusje en prottelje se dat ik net sa negatyf dwaan moat.
Heidi ha ik ôfrûne wykein ophelle yn Nijkerk. It wie fuortendaliks dúdlik dat se it hiel swier hie. Se hat nei alle gedachten al in oantal jierren yn dit - foar har fierstente kâld klimaat oerlibje moatten, en no wie it op.
Heidi is woansdeitemiddei yn in grutte bak waarm wetter yn myn badkeamer stoarn.
Ik wie siik fan frustraasje, lilkens en fertriet. Yn it ferhaal fan Heidi komme foar my in soad aspekten gear fan de wize wêrop't in soad minsken mei bisten omgean yn dizze wrâld. As weardeleaze dingen dy'tst letterlik weismite kinst. Gjin ekonomyske wearde, en ‘dus’ hielendal gjin wearde.
It kin in soad, minsken werklik hielendal neat skele wat der mei dizze bisten bart - of mei alle oare, for that matter.
Dizze, en safolle oare bisten, hawwe minsken nedich.
Minsken dy't net de eagen slute foar it leed dat se tsjinkomme.
Minsken dy't der net by wei rinne, mar just derhinne, sadat se helpe kinne.
Minsken dy't it wól wat skele kin.
Minsken dy't ree binne om harren tiid, enerzjy en faak ek jild te besteegjen oan in bist dat harren help nedich hat.
Omdat bisten mishannele, fertutearze of, lykas yn dit gefal, letterlik fuortsmiten.
Omdat se sels gjin stim hawwe yn dizze wrâld, en amper rjochten.
En omdat se domwei net ien oars hawwe dy't ree is om foar harren te soargjen, dy't hopet op 'e tiid te wêzen en noch ien, miskien wol ít, ferskil meitsje te kinnen.
Wa sei ek wer datst de beskaving fan in folk ôfliede kinst út hoe't se mei har bisten omgiet? O ja, Gandhi. Ik tink dat wol dúdlik is hoe't ik oer ús ' beskaving'tink.
Heidi bliuwt by my. Ik sil in moai plakje foar har meitsje yn myn tún. Net omdat ik bang bin dat ik har ferjitte sil, mar omdat ik har sa it respekt toane kin dat se fertsjinnet.
Wolst mear witte oer skyldpodden en de opfang op De Harkema, en miskien sels ek helpe op de wize dy't dy past? Sjeck https://www.schildpaddenopvang.nl/
(Troch: Jet Poels, frijwilliger Stichting Schildpaddenopvang Nederland)




