Nijs · 17-07-2021
Meiwurking TV programma.

Foar in ynformatyf TV programma foar in kommersjele Nederlânske omrop, binne wy op syk nei minsken dy’t harren meiwurking hjiroan jaan wolle. It programma wol op in positive wize beljochtsje as minsken de kar meitsje om ôfstân te dwaan fan in bist, yn ús gefal in skyldpod.
Foar wa’t al oerwaget om syn of har skyldpod by ús te bringen en op telefyzje meiwurkje wol oan goede foarljochting. Bygelyks oer wêrom’t it better is om gjin skyldpod te keapjen. De meast neamde reden is dat de ynformaasje by oankeap net dúdlik genôch wie. Minsken fine it ek spitich dat in skyldpod jierrenlang yn in bak libje moat, faak ek noch allinnich.
Wa’t ynteresse hat, krije wy graach in berjochtsje fan foaren.)




