Nijs · 14-01-2021
Ojeee!!

Us grutste kollega yn it midden fan it lân is opholden mei de opfang fan de algemiene invasive skyldpoddesoarten: readwang-, gielwang- en gielliifskyldpodden. Dêrtroch krije wy no al folle mear oanfragen as gewoanlik. Dat sil simmerdeis, mei alle fûne skyldpodden, noch wat wurde. Wy moatte dêrom mei spoed in twadde binnenferbliuw bouwe. Oars kinne wy al dy wetterskyldpodden gjin goed plak biede. De wet seit spitigernôch dat in invasive soart ynsliept wurde moat as der gjin opfangromte is. Dat witte wy al jierren mei sukses foar te kommen, mei tank oan ús donateurs en frijwilligers!
Helpe jo mei in lytse donaasje om dit wier te meitsjen?
https://www.geef.nl/nl/actie/help-onze-schildpadden-aan-een-tweede-groot-binnenverblijf/donateurs




