Nijs · 01-12-2021
Tydlike opfangstop Trachemys (lettersierskyldpodden)

Fanwegen in nije fergunningsoanfraach meie wy fan de RVO tydlik gjin invasive Trachemys-skyldpodden opnimme: gielwang-, readwang- en gielliifskyldpodden. Oare skyldpoddesoarten kinne wol gewoan by ús ûnderbrocht wurde.
Wolle jo ditsoarte skyldpod by ús bringe, dan freegje wy jo om noch efkes geduld. De wachttiid foar dizze fergunning is spitigernôch lang, omdat wy safolle skyldpodden hawwe. Wy ferwachtsje yn alle gefallen foar 1 maart 2022 tastimming te krijen. Jo meie de skyldpodden alfêst foar opfang oanmelde. Sadree’t dat mooglik is, litte wy it jo witte en pleatse wy it op ús webside en sosjale media.
Hawwe jo haast, dan kinne jo it besykje by ús kollega's Stichting Carnivora, Stichting Meerzoo yn Marknesse of Stichting Almere Jungle
Us ekskuzes foar it ûngemak.




