Nijs · 17-07-2021
Hjoed fûn immen dyn skyldpod!

Hjoed fûn immen dyn skyldpod.
Dyn skyldpod dy't dy grif as lyts en skattich dierke kocht.
Waard er te grut? Of wie er dochs tefolle wurk?
Hjoed fûn immen dyn skyldpod.
Utmergele oant op 'e bonke.
Hjoed fûn immen dyn skyldpod.
Kompleet en tige slim ferfoarme en skansearre.
Hjoed helle ik dyn skyldpod op omdat de diere-ambulânse like min om dyn skyldpod joech as dy.
Se kamen him net heljen.
Moarn bring ik him nei Schildpaddenopvang Nederland op De Harkema en sille sy soargje dat dyn skyldpod nei al dy jierren sleat yn it Schiebroekse Park de soarch krijt dy't er hiel hurd nedich hat.
(Skreaun troch Annabel van der Horst)









