Nijs · 31-05-2021
Yesss lang om let nei bûten

Hjoed wie it in lekker simmerske dei, de heechste tiid om in part fan de grutte wetterskyldpodden los te litten yn de fiver. Us grutte Sulcata lânskyldpodden mochten ek bûtendoar en geane jûn fansels wer yn 'e hûs. De kommende wike giet mear as 60% fan alle skyldpodden yn de opfang nei bûten om hearlik te genietsjen fan de echte sinne! Yn 'e hjerst geane de skyldpodden wer lekker nei binnen.









