Nijs · 13-04-2023
De ûnfortúnlike skyldpod Henry

Earjusterjûn helle ik in ûnfortúnlike skyldpod op by leave minsken dy't him fûnen op in plak dêr't er net sitten hearde, nammentlik by in smoarge prutsleat lâns.
De diere-ambulânse sei dat se him gewoan werom sette moasten, mar dy frou fûn dat mar in nuver ferhaal en belle de skyldpodde-opfang. Ik sprong fuort yn 'e auto.
Hy siet ûnder de modder, bearde dat er dea wie en seach der net geweldich út.
Nei twa dagen begjint er al in bytsje te ûntteien. Hy yt al goed en makket kontakt. En dat fyn ik sa knap fan him.
Wy binne krekt efkes nei de bistedokter gien foar in ûntstutsen eachje. Sealfke mei en fierder goed yn de gaten hâlde. De feedokter fûn it in ûntsettend leaf bist, en ik ek ![]()
Ik soe wolle dat ik gjin bân mei dy stomme skyldpodden krige, mar se binne sa leaf en leuk, it is ûnmooglik om der neat foar te fielen.
Henry sil hjir fierder werstelle en sagau't ferfier mooglik is, sa gau as mooglik nei de opfang yn Fryslân.
(Fan ús Suze, frijwilliger op ôfstân
)



