Nijs · 03-07-2023
IC-karantêneromte foar skyldpodden, mooglik makke troch DierenLot.

Omdat wy alle jierren hûnderten faak tige sike skyldpodden binnen krije, wie der in driuwend ferlet fan spesjale romte dêr't bisten yndividueel op IC nivo yn fersoarge en behannele wurde koene. Wy hawwe Stichting Dierenlot ús plannen útlein en hawwe dêrmei in Marten Stoopendaal dream sjek krigen. Us dream is werklik wier wurden. De komplete bou fan de romte hat folle langer duorre as ferwachte, dat hie benammen te krijen mei krapte fan materialen yn de corona tiid. Mar yntusken is de IC al folop yn gebrûk en binne der al in soad bisten behannele en wer better wurden.
Us IC hat romte foar 25 wetterskyldpodden en 10 lânskyldpodden. As it moat dan kinne we noch wat opskale. De romte is folslein isolearre, hat syn eigen klimaatsysteem foar temperatuer en fochtichheid en reiniget op firus en bakteieel nivo. Elke plak hat syn eigen regelbere ferljochting en fia deiritme is der UVB ljocht beskikber. Dêrneist hawwe wy noch ferskate apparatuer foarhannen lykas in wiere kûveuze, ynfús - en itensompen, soerstof, kardiomjittingen, echo apparaat en noch folle mear. Yn gearwurking mei ús fêste bistedokter kinne wy no op tige heech nivo, spesjalisearre skyldpodde-soarch ferliene oan deasike wetter - en lânskyldpodden.
Us IC-romte is foar bisten dy't yndividuele, faak libbensrêdende soarch nedich hawwe. Dêrneist hawwe wy ferskate karantêne-ôfdielingen. De pre-karantêne is foar nij ynbrochte skyldpodden dy't net siik lykje. Yn de groepspre-karantêne hâlde wy nije skyldpodden dy't as groep binnenkomme. Us HIGH RISK-karantêne is spesjaal ynrjochte, ûnder oare mei loftôfsûging dy't ûnderdruk makket en mei loftdesynfeksje. Dy romte is foar bisten dy't mooglik in besmetlike oandwaning hawwe. Faak giet it om firussen en baktearjes dy't har troch de loft ferspriede kinne, lykas in ferkâldheidsfirus. Wy brûke dizze romte foar dy pasjinten om oare skyldpodden en mooglik ússels te beskermjen. De LONG-STAY-karantêne is oer meardere plakken ferdield. Dêr sitte faak bysûndere soarten dêr't gjin groepsplak foar is, of lânskyldpodden dy't langer yn karantêne bliuwe moatte. Dy moatte langer op ferskate sykten ûndersocht wurde en der binne faak problemen mei de wetlik fereaske papieren. Se libje yn eigen terraria of ferbliuwen, op in sa natuerlik mooglike wize. De measten bliuwe dêr in pear moannen, foardat se by de groepen binnen en bûten fierder libje meie.
Jo begripe, yn 'e hiele rige fan karantêne ôfdielingen ûntbruts noch in IC romte foar de echt sike bisten, wy binne wer Dierenlot en al har donateurs om 'e wille fan 'e skyldpodden hiel tankber!













