Nijs · 18-12-2024
Krystmerk Basisskoalle Icarus út Heemstede

Dizze wike hat Basisskoalle Icarus út Heemstede in krystmerk hâlden ta bate fan de skyldpodde-opfang. Earder dit jier binne harren twa "skoalle" skyldpodden ûnderbrocht by ús.
De bern wiene bot ûnder de yndruk dêr't de skyldpodden telâne kamen. Dêrom woene se noch wat werom dwaan, de krystmerk wie in daverjend sukses en se hawwe mar leafst in bedrach fan 1031 euro ophelle!!
De bern hiene in skyldpod makke fan papier-masjee dy't tsjinne as donaasje bus, superrr kreatiefff.
Wy binne tige grutsk op 'e bern en mei it jild kinne wy ús skyldpodden wer aardich bedjerre.









