Nijs · 21-08-2022
Iepen dei Skildpodde-opfang De Harkema lûkt goed 700 besikers.

Wat wie it wer in fantastyske iepen dei mei super leuke en positive minsken. It wie yntusken alwer mear as 3 jier lyn dat wy in iepen dei hâlde kinnen hawwe. Yn tuskentiids wie der safolle feroare dat de measte minsken de eagen út seagen! We ha in soad sjen litte kinnen. Fansels ús skyldpodden, it grutte tal nije ferbliuwen, mar ek de kykjes efter de skermen. De iepen dei is altyd in moaie kâns om ris binnen te sjen om't wy gewoanwei net iepen binne foar besite.
Sa wiene no ek ús eigen diere-ambulânses útstald mar ek de Diere-ambulânse fan de waadhoeke dy't bytiden ek mei Seedieren te krijen hat.
Koartsein in slagge dei mei in soad nijsgjirrige en positive besikers! De taheakke foto’s fertelle mear as tûzen wurden. Ek foar de minsken dy't der spitigernôch net by wêze koene.
Elkenien betanket foar de komst en graach ta de folgjende iepen dei!
PS: Elkenien mei noch moaie foto's mei se ús tastjoere, dan pleatse wy dy by it berjocht. En stiest op in foto en wolst dat net, lit it even witte 😉

































































