Nijs · 04-10-2025
Alde wize nijsgjirrige Lars (94) oan it wurd op Dieredei

Hallo leave minsken en @folgers, ik bin Lars. Ik rin al in hiel skoft op dizze wrâld om, bin tige nijsgjirrich en haw op ferskate plakken wenne. Ik haw earder al 2 baasjes by wa’t ik lang wenne ‘fersliten’... Yntusken wenje ik al mear as 10 jier yn De Harkema. Eartiids naam in matroas my mei út Brazilië, nei’t ik op in merk foar jild ferhannele wie
en nei in moannenlange reis op see, oan in famke jûn yn Skeveningen. Myn earste baaske wie de mem fan myn twadde baaske en eins ek in bytsje ús mem
, de leave âlde man, dy't my as âldere broer beskôget, sjoch ik hjir noch út en troch yn Fryslân. Hy naam myn fersoarging oer fan ús memke nei't sy dat net mear koe en úteinlik ferstoar.
Hy kin moaie ferhalen fertelle oer myn libben en fertelt alle kearen wer it ferhaal dat ik eartiids, yn myn jeugd dus lang lyn, ûnder mem har jurk, ferstoppe waard as de Dútsers kamen... Gelokkich bin ik nea fûn en hie se in dûbelde lange (skjinne) ûnderbroek oan ![]()
Myn krekte berte dei bin ik nei al dy jierren kwyt, mar hjir op De Harkema hawwe se besletten dat it myn jierdei is op 4 oktober, Wrâlddieredei 2024, ik bin hjoed dus 94 jier wurden.
Ik bin neffens dokuminten út it aai krûpt
Yn it jier 1931, mar 1 jier earder yn 1930 waard de feestdei fan Sint Franciscus útroppen ta Wrâlddieredei om't Franciscus yn it bysûnder him it lot fan bisten sa oanluts. Ik bin tige fereare dat dizze dei ek myn jierdei wurden is en miskien, wie it wol sa dat myn aai al yn 1930 lein waard? ![]()
Faak as ik dream oer bananen en ierdbeien ![]()
(omdat ik in tropyske foaral fruittende skyldpod bin) dream ik dêrneist ek dat alle bisten op 'e wrâld in libben hawwe meie sa as ik, want ik hoopje dat it ek foar har alle dagen dieredei wêze mei, al wit ik ûnderwilens dat der in soad diereleed is, ik fang hjir en dêr noch wolris wat op ![]()
fan myn freonen yn de opfang, mar ek dêrbûten as se wer ris net troch hawwe dat ik harren laptop
nachts gebrûk foar ynternet, om goed op 'e hichte te bliuwen ensafuorthinne.
Ik bliuw hoopjen en dreamen foar mear wiisheid fan alle minsken, sadat se better begripe dat elk bist ek in klopjend hert, gefoel en in goed libben ha wol sa asto en ik ![]()
Foar minsken is it normaal om kadootsjes te krijen as se jierdei binne, iksels hâld bot fan bananen en ierdbeien as kadootsjes ![]()
Jild haw ik neat mei, want it smakket nei neat en men liket der hiel ûngelokkich fan te wurden as men der te folle of krekt te min fan hat! Mar dochs ha ik ek heard dat je mei dat jild in hiel soad bananen en ierdbeien ruilje kinne. ![]()
Asto hjoed my en myn freonen yn de opfang in ekstra wille dwaan wolst, dan meist altyd wat jild ruilje, en it moaie is dat Stichting Dierenlot, dy't ek in soad oare bisten it hiele jier troch helpt, dyn jildkadoke ek nochris ferdûbelet!!! It moat net mâlder wurde ![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
5 euro is mear as genôch, want dan krij ik en myn freonen 10 euro oan bananen en ierdbeien. ![]()
![]()
, ik kin myn gelok net op en meitsje alfêst hûnderten spronkjes yn myn skyld ![]()
Ik betankje jimme alfêst en miskien kom ik hjir nochris werom mei in moai ferhaal sûnder it geseur om ![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
Donearje kin fia: https://dierenlot.digicollect.nl/lars-de-schildpad




