Nijs · 26-12-2021
Skildpaad fêst yn iis De Westereen

Hjoed (2e krystdei) waarden wy troch in hiel soad minsken attindearre op in post op facebook mei in fêstferzen skyldpod. Sadree't wy dat wisten, binne wy fuort ôfset om it bistje op te heljen. Spitigernôch wie de skyldpod al ferstoarn by oankomst. Sjoen de tastân docht bliken dat it bistje al in pear dagen dea wie.
De skyldpod wie slim ferwûne oan de boppe en ûnderkant fan it skyld. Dit type ferwûnings komt troch it hekkeljen fan sleatten. Troch dit ûnderhâld fan sleatswâlen mei grut materieel, wurde skyldpodden faak (deadlik) ferwûne. Dit omdat se har foaral yn sleatswâlen ferstopje.
Dit is wer in skrinend foarbyld hoe skyldpodden brút oan har ein komme as se yn 'e natuer dumpt wurde. Neist it stadich ferhongerjen, wat jierren duorje kin, binne ek ditsoarte ûngelokken neist oanridingen mei auto's de meast foarkommende deadsoarsaak fan loslitten skyldpodden...
Wy tankje elkenien dy't dizze melding sjoen hat en ús ynskeakele hat en yn it bysûnder de finer fansels.
PAS OP! Eksplisite foto’s:(











