Nijs · 20-05-2022
Skildpodden op Asfalt?

Skildpodden sykje yn de natuer plakken op om sa gau mooglik op te waarmjen. Asfaltwegen binne in enoarme waarmteboarne en dêrom wurde der geregeld bisten oanriden, dea riden óf gelokkich op tiid fan de dyk helle.
Foar dizze skyldpod wie it gelokkich de lêste opsje en hy hat dúdlik in ingeltsje op syn skyld hân. Syn skyld is hast swart fan de tearoanslach fan asfalt kombinearre mei fersmoargjende oaljes út it wetter dêr't er yn ferbleau. It bist is swier fermeagere, braakt en is der min oan ta.
Moarn komt er mei frijwilliger Annabel, lykas alle oaren fan ferline wike mei nei de opfang dêr't er - nei dúdlik jierren bûten - einlings feilich sinne gean kin ûnder de perfekte omstannichheden sûnder kâns dat er platriden wurdt. # dumpgeenschildpadden




