Nijs · 29-12-2023
Ferduorsuming Schildpaddenopvang op De Harkema, mei 27 kW waarmtepomp fermogen!

Al jierren binne we dwaande mei de ferduorsuming fan de opfang, net allinnich om it miljeu mar seker ek om de sinten... ![]()
De kosten foar enerzjy binne foar elke opfang tige heech, faak moatte sike bisten waarm hâlden wurde en by skyldpodden sels hast altyd. Omdat hja kâldbloedich binne, hawwe se altyd in eksterne waarmteboarne nedich. De enerzjykosten binne de lêste jierren enoarm omheech gien, sa gau as dat it somtiden dreech waard om de enerzjykosten te beteljen. Tanksij ús donateurs hawwe wy geregeld al help hân. Mar mei allinnich gatten folje komme je der net, it is wichtich om ien fan de grutste kosteposten aktyf oan te pakken.
Om fluch sprongen te meitsjen, hawwe wy twa jier lyn fan Stichting DierenLot in duorsumensliening ûntfange. Dêrmei hawwe wy gâns projekten realisearje kinnen, lykas de pleatsing fan 82 ekstra sinnepanielen, dûbele beglêzing, in part dakisolaasje, plafondisolaasje, fentilaasjesystemen en no as lêste de “ ferfanging ” fan it ferwaarmingssysteem. It upgraden fan it besteande CV-systeem wie net rendabel, dus dêrom bliuwt it systeem as backup yntakt en hawwe wy keazen om gerichter ferwaarmje te gean mei waarmtepomp airco systemen.
Koartlyn hawwe wy nei folle tefredenheid mar leafst 5 waarmtepomp airco units pleatse litten troch AircoMontage Noard út Surhústerfean. Dizze systemen binne in tafoeging op ús besteande ferwaarming mei ierdgas. It foardiel is dat wy by echt kâlde froastdagen (gem 50 dgn jiers) oerskeakelje kinne op ierdgas en de oare dagen hawwe wy mear as foldwaande waarmte fan de nije elektryske ferwaarming. Wy fernimme no al in enoarme besparring, foar ierdgas. Dit waarmtepompsysteem is folle effisjinter yn waarmtesprieding as it âlde gassysteem út de begjin jierren 90. Ien foarbyld: om 27.000 watt oan waarmte te meitsjen, brûkt it hiele systeem mar om de 8000 watt de oere!! Op sinneskyndagen kinne wy dizze enerzjy mei ús sinnepanielen fuortendaliks opwekke.
Stichting DierenLot tige betanke foar jimme tomeleaze help en AircoMontage Noard foar it advys en de saakkundige flugge levering fan it gehiel.










