Nijs · 14-03-2022
10 Sipreaders nedich foar ús frijwilligers troch it hiele lân!

Stichting Schildpaddenopvang Nederland lûkt him al jierren it lot oan fan in soad loslitten skyldpodden yn de natuer. Spitigernôch tinke net alle diere-organisaasjes yn deselde line. Spitigernôch wurdt faak it advys jûn in oppakte skyldpod wer los te litten yn de natuer. Net wittende dat dit in jierrenlange kwelling en leed feroarsaket. Dêrneist is it sels strafber....
Dêrom hawwe wy sûnt 2021 it heft folslein yn eigen hân naam. Troch sels diere-ambulânses oan te skaffen en hawwe dêrneist in netwurk fan frijwilligers opset. It meldpunt foar fûne skyldpodden hoecht allinnich noch mar belle wurde en in frijwilliger yn de buert pikt de skyldpod op in bringt dy nei ús opfang op De Harkema (Fryslân)
Soms binne der skyldpodden fûn, foaral skyldpodden dy't yn wenwiken oantreft. Us advys is dan ek dizze skyldpodden dy't men simmers tydlik bûten húsfestet te chippen, lykas in hûn en kat. Lânskyldpodden dêrfoaroer moatte ferplichte in chip drage neffens de Wet, fan in gewicht fan 500 gram ôf.
Us frijwilligers soene tige baat hawwe as sy ek de beskikking hawwe oer in chipreader. Sa hoecht yn it meast geunstige gefal de skyldpod net hielendal nei De Harkema brocht wurde en kin dizze direkt by de eigener besoarge wurde.
Dêrneist wurkje wy oan in plan om in pear frijwilligers in chip diploma helje te litten. Sadat sy op ferantwurde wize en neffens de Wetlike foarskriften skyldpodden chippe meie. Dat jildt dan oars allinnich foar de net CITES plichtige soarten. CITES plichtige soarten lykas de Grykske en sels de Russyske fjouwerteen skyldpod, moatte troch in bistedokter chipt wurde.
Wolle jo ús helpe ús frijwilligers fan in goede chipreader te foarsjen?
https://dierendonatie.nl/project/chipreaders-voor-gedumpte-schildpadden-bij-schildpaddenopvang-nederland/




