Nijs · 23-06-2021
Nij bûtenferbliuw lânskyldpodden

It hat even duorre, al yn 2020 krigen wy finansjele help fan Stichting Dierenlot om it bûtenferbliuw fan ús lânskyldpodden bouwe te kinnen. Lykwols troch de oanlis fan de grutte bûtenefiver hat dit projekt grutte fertraging oprûn. It plak dêr't de lânskyldpodden kamen wie nammentlik nedich foar it herbergjen fan materieel en materiaal lykas stiennen en sân. De bou fan dit projekt moast dêrom efkes útsteld wurde.
In moanne lyn is dochs noch begûn mei it bouwen fan de nije ferbliuwen. Dit fansels troch de tomeleaze ynset fan ús trouwe frijwilligers en stazjêres. It binne ûnderwilens moaie romme ferbliuwen wurden krekt taspitst op it ferlet fan in skyldpod. Hjir en dêr sille wy noch wat feroaringen trochfiere ôfhinklik fan hoe't de skyldpodden it dogge. De skyldpodden binne ûnderwilens alwer in skoftke bûten en genietsje sichtber fan de sinne en dit nije bûtenaventoer! It ferbliuw is sa'n 20 meter lang en 5 meter breed en is opdield yn 5 fakken. Dit is ôfhinklik fan de grutte fan de skyldpodden en de grutte fan de groep. De fakken binne sa grut dat as it nedich is wy dizze fakken opdiele kinne.
Wy binne Dierenlot super tankber dat wy ús lânskyldpodden dit oanbiede kinne. Simmerdeis hearlik bûtendoar en as it kâlder wurdt wer lekker nei binnen. Lykas ús wetterskyldpodden dy't simmerdeis hearlik genietsje kinne yn ús grutte bûteniver.


















