Nijs · 29-03-2021
Nije fiver yn gebrûk nommen!

Ofrûne sneon hawwe wy mei in grutte klup frijwilligers (corona safe) de punten op de i sette mocht, wat it nije 2e binnenferbliuw foar ús wetterskyldpodden oanbelanget. We hawwe hjirmei wer in hiel skoft genôch romte foar opfang. Underwilens húsfestet de opfang wat mear as 1800 skyldpodden, dêr't de measten, sa'n 80% ôfkomstich as dumpt húsdier yn de natuer.
De nije fiver is 8.5 x 8.5 meter grut ynkl. in sândeilân fan 8,5 x 1 meter lang en djip. Befetet hast 50.000 liter wetter, genôch foar hûnderten skyldpodden. Fia in skyldpodbrêge tusken beide fivers, kinne de skyldpodden no sels bepale wêr't se hinne wolle. Op dizze wize kreëarje wy dan ek in twadde territoarium en jout dat mear romte en ferriking yn harren bestean.
Yntusken binne de earste bewenners al fia de brêge nei de nije fiver gien. We kieze derfoar dat de skyldpodden dit allegearre op eigen inisjatyf dogge om stress foar te kommen. Nije skyldpodden sette wy fuort yn de nije fiver út.
Noch even en dan kinne de skyldpodden ek lekker wer nei bûten. Ofrûne sneon hawwe wy ek noch wurksumheden oan de bûtenefiver dwaan kinnen. Der binne noch in pear oanpassingen nedich om alles skyldpod proof te meitsjen.
Nochris betankje wy alle donateurs, frijwilligers en it fûns ABRI foar bisten, foar harren finansjele, of watfoar help dan ek! Sûnder jim is dit allegear net mooglik! Betanke! Oplûl










